Sikehûs MCL alert op cyberoanfallen

15 maaie 2017 - 14:16

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat alle feiligheidsprotokollen nochris neirûn op it mêd fan cyberoanfallen. Ut dy analyze docht neffens direkteur Willem Lenglet bliken, dat der op it stuit gjin ferhege risiko is dat systemen fan bûten ôf op slot set wurde kinne. "Hûndert persint sekerheid is net te garandearjen, mar de systemen binne goed befeilige en de meast kwetsbere sels net iens fan bûten ôf te benaderjen". Oanleiding fan de ekstra kontrôle is de grutte oanfal dit wykein mei it saneamde 'ransomware', in firus dat op ôfstân kompjûters giselet. Tsjin betelling oan kriminelen kin de bestannen wer tagonklik makke wurde. Under de troffen bedriuwen wiene ek 16 sikehûzen yn Ingelân.

Trefwurden: 
MCL sikehûs ransomwear
(Advertinsje)
(Advertinsje)