Dream komt út foar Herman (81): parasjutespringe yn Dubai

Herman van der Haring (81) út Ljouwert is ien fan de acht dielnimmers oan it nije programma 'Reis rond de wereld met 80-jarigen'. It motto fan dat programma is dat it noait te let is om noch wat fan de wrâld te sjen. De minsken op leeftyd krije de kâns om mei elkoar in wrâldreis te meitsjen.
Herman syn winsk wie om nochris in kear te parasjutespringen. "Fyftjin jier lyn ha ik it alris dien mei de bern, mar doe kaam ik as iennige op lân del en net op see. Dus dat woe ik noch wolris oer dwaan. Foar it programma mocht ik dat dwaan yn Dubai, boppe it palmeilân. Dat wie geweldich, koe net better."
Grapke
Ien fan de pakesizzers hie Herman earder alris opjûn foar it programma Geer en Goor. "Mar dat befoel my net, dat ha se derút knipt. Troch dy bylden bin ik no wol foar dit programma útsocht. Ik tocht earst: it sil wol in grapke wêze, mar dat wie dus net sa."
Herman hat fjouwer wiken mei de groep op reis west. "Fan de earste dei oant de lêste wie it in dream, prachtich moai. Ik hie ek noch noait yn in grut fleantúch sitten, it wie in hiele belevenis."
Tongersdei is op SBS6 de earste útstjoering te sjen mei alle dielnimmers, in wike letter is it ferhaal fan Herman te folgjen.