Mear jongerein brûkt drugs yn Eaststellingwerf

15 maaie 2017 - 13:12

It drugsgebrûk ûnder jongerein yn de gemeente Eaststellingwerf wurdt slimmer. Hurde sifers ûntbrekke, mar de boargemaster en it jongerewurk krije sinjalen dat mear jongerein drugs brûkt en dat se dat op hieltyd jongere leeftyd dogge. Somtiden binne bern noch mar 13 jier. It giet net allinnich om weed, mar ek om pillen lykas xtc.

Boargemaster Harry Oosterman jout oan dat de drugshannelers dreech oan te pakken binne, ek omdat se soms út gruttere plakken bûten de gemeente komme. Neist previnsje is it neffens de boargemaster wichtich dat âlden goed sjogge wat har bern úthelje, wêr't se omhingje en mei wa't se omgean. De gemeente is fan doel om de kommende tiid mear drugspannen te sluten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)