Piet: "Moaie waar komt der oan, mar it bliuwt grillich"

15 maaie 2017 - 11:19

Lang om let is it moaie en waarme waar der no yn maaie. Foar it gefoel ha we der dit jier lang op wachtsje moatten, mar is dat wol sa? "Ferline jier ha we ek in kâlde perioade yn maaie hân," fertelt waarman Piet Paulusma. It moaie waar is lykwols net bot stabyl. "Dat komt troch de oergong fan kâld nei waarm waar dêr't we no yn sitte, dêr hearre buien en bewolking by. It hegedrukgebiet ûntbrekt om in stabyl waartype te krijen, dus komme dy depresjes der en buien. Ek ûntbrekt de oanfier fan in súdlike stream dy't waarme lucht bringt."

Hoe komt soks?

"Troch de opwaarming fan de ierde wurdt it waar grilliger mei buien, faak stevige buien, mei tonger dêrby. Dat komt faker foar tsjintwurdich. Kommende woansdei wurdt it wol 25, 26 graden en dat is tsien graden tefolle foar de tiid fan it jier. Ferline wike wie it mar 8 graden en dat is dan wer sa'n tsien graden te kâld. De ferskillen binne grut, want gewoanwei moat it 16,17 grade wêze no."

Wat bringt de simmer?

"It wurdt in waarme simmer, te waarm eins. Minsken wolle dat it in hiele dei moai waar is, en sokke strândagen komme der ek wol, mar we moatte no ien kear mear rekken hâlde mei buien. July en augustus wurde de waarmste moannen. Mar ek dan bliuwt de kâns op swiere buien oanwêzich. Tink mar ris oan de flinke reinfal by it begjin fan de Slachtemaraton ferline jier, doe wie nachts wol 90 milimeter fallen.

Natuer

Alhoewol't de measte minsken net bliid wurde fan in reinbui, de natuer is der wol wiis mei. "De natuer lei sa'n twa, trije wiken achter, mar begjint no yn te rinnen en komt aardich by. It wie te drûch, mar troch it reinwetter wurdt alles no wer moai grien."

(Advertinsje)
(Advertinsje)