Kollum: "In lullich piltsje"

"Sneontemoarn waard ik wekker mei it nijs op de radio dat it Instituut voor Verantwoord Medicijngebruik him soargen makket oer de groei fan it tal manlju dat Viagra brûkt. Goed 150.000 mannen yn Nederlân slikke Viagrapillen om de flagge yn top te krijen. Op himsels gjin grut nijs, mar wol ast witst dat mar leafst 70 prosint dizze ereksjepillen yllegaal keapet om't se net nei de dokter ta wolle.
It gefaar is dat dyn hichtepunt troch dit yllegale guod ek wolris dyn needlottige einpunt wurde kin. En dat soe fansels hiel lullich wêze. It Instituut voor Verantwoord Medicijngebruik pleitet der dêrom foar om Viagra út it yllegale sirkwy te heljen troch it yn de frije ferkeap te dwaan yn de apteek. Manlju hoege dan net langer by de húsarts del mar kinne gewoan op it ynternet de legale pillen bestelle en by de apoteker de boel anonym ophelje. Wol sa noflik.
Want litte wy earlik wêze: elkenien hat wolris mei in kwaaltsje nei de dokter west, wêrfan ast tinkst: kutsjecola, dit ha ik wer. Skammest dy dea en dan moatst ek noch by de húsarts dyn ferhaal dwaan. Folle leaver hiest op thuisarts.nl efkes google wat dy mankearret en dan online de goeie medisinen besteld. Ja dochs? Mar dat kin no net. En dus sykje manlju yn yllegale sirkwys nei Viagrapillen fia websites dy't stikem de boel oanbiede. Alteast, dat tocht ik.
It radio-item oer de yllegale Viagra wie noch mar krekt ôfrûn oft it reklameblok begûn. En wat hearde ik ta myn grutte ferbjustering? In reklamespotsje fan Erectieshop.nl. Huh, tocht ik. Dit wie toch allegearre yllegaal? Ha wy it der krekt wiidweidich oer hân en no draait nota bene Radio 1 sels in reklamespot foar online ereksjemiddelen. Dus ik de kompjûter oanslingerje foar in eigen ûndersykje.
Om kertier oer njoggenen moarns siet ik midden yn de wrâld fan piltsjes, poeierkes en smarsels dy’t de meast magyske erotykmominten belove. Om in byld te krijen wat der allegearre wol net te bestellen is, in lytse greep út it oanbod.
Yn de kategory pillen fûn ik de Libido 7 tabletten foar ‘een flinke penisgroei’. Efkes fierderop waarden de OrgaLang pillen oanbean mei as belofte ‘nooit meer een vroegtijdige zaadlozing’. Fierder noch yn de oanbieding: in skrikbarende penispomp en spesjaal foar my: de Bust Booster Gel, voor grotere borsten.
Werklik wier, kinst it sa gek net betinke of der is wol in piltsje of poeierke foar. En foaral de nammen op de etiketten fan al dy tabletten en salfkes binne geniaal. Nim it piltsje dat neffens it etiket soargje sil foar mear sperma. Dy hjitte dus simpelwei Meer Sperma Tabletten. Piltsjes foar de froulju ha krekt wat spannendere nammen. Sa as it smarseltsje foar froulju mei de namme Blue Lust, foar - let op – ‘beestachtige seksuele energie en verlangens’.
As leafhawwer fan taal belibbe ik sneontemoarn om kertier oer njoggenen al it grammatikale hichtepunt fan myn dei. Mar hiel earlik minsken: sjoch efkes nei de kwaliteit fan de teksten en dan witst eins fuort al hokker kwaliteit dy piltsjes en smarseltsjes hawwe. Se belove wûnderen, mar ik betwifelje oft it spul wol wurket. Dan sit der neat oars op. Toch mar nei dokter. Efkes mei de billen bleat, mar dan krijst yn elk gefal net sa’n lullich piltsje mei nei hûs."
Nynke van der Zee fan Aldegea Smellingerlân is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.