Auto mei fjouwer minsken bedarret yn in sleat

15 maaie 2017 - 08:52
Auto op 'e side yn de sleat - Foto: De Vries Media

In auto mei fjouwer minsken is sneintejûn op de Ryksstrjitwei by Noardburgum yn in sleat bedarre. De auto rekke yn in bocht yn de slip en kantele. De helptsjinsten rukten manmachtich út. Trije passazjiers koene sels út de auto komme, de fjirde persoan waard troch in tsjûge en de helptsjinsten befrijd. Ien fan de slachtoffers is nei it sikehûs brocht. In berger hat de auto út it wetter takele.

Trefwurden: 
Noard-Burgum ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)