Hearrenfean bliuwt haadklasser nei winst yn ekstra tiid

De fuotballers fan Hearrenfean ha it behâld fan it haadklasseskip foar de helsdoarren weihelle. Yn Utrecht waard Hoogland yn de ekstra tiid mei 2-1 ferslein. Alles wie mooglik: direkte degradaasje, neikompetysje, mar ek behâld fan in plak yn de haadklasse foar takom seizoen.
Beide ploegen spilen in minne wedstriid. De thúsploech kaam yn de 71e minút op foarsprong troch in goal fan harren topskutter Oskar van Logtestijn. Op dat stuit wie Hearrenfean, ek ôfgeande op de tuskenstannen op de oare fjilden, wer earste klasser. Mar it wûnder barde. Han van Dijk makke yn de 81e minút de 1-1 en yn de ekstra tiid waard Kevin Regts de held fan de ploech troch de winnende goal tsjin de touwen te sjitten.