Kampanje om tal selsdeadings werom te bringen

Yn Harns set moandei in kampanje útein om it tal selsdeadings yn Fryslân werom te bringen. It is ûnderdiel fan in lanlike kampanje. Yn Nederlân dogge jierliks goed 1850 minsken har tekoart. De GGD-Fryslân en de gemeente Harns begjinne mei it trainen fan helpferlieners yn it sinjalearjen fan minsken dy't psychysk yn de problemen sitte. Helpferlieners út bygelyks de wykteams of buertplysjes krije de earste training. Dy komme faak yn kontakt mei minsken dy't it net mear sitten sjogge. Ut Dútsk ûndersyk hat bliken dien dat selsdeading foarkommen wurde kin as der mei har praten wurdt en sa help krije.
Taboe
De kampanje moat it taboe op praten oers selsdeading trochbrekke. Yn Fryslân leit it tal selsdeadings heger as yn de rest fan it lân. Benammen manlju tusken de 40 en 65 jier dy't skieden binne, sitte yn in risikogroep. Dat jildt ek foar minsken dy't yn de bystân sitte. Faak steapelje de problemen har sa heech op dat se net it idee ha dat der in oare oplossing is.
Neffens Frans Haenen fan de GGD-Fryslân wolle in soad minsken dy't selsmoard plege faaks hielendal net dea. De help hat har allinnich net op tiid berikt. Dizze kampanje moat dúdlik meitsje dat selsmoard nea in oplossing is.
Harns
De gemeente Harns sjocht grut belang yn it meidwaan oan de selsmoardkampanje "De vraag van je leven" fan de GGD. Yn Fryslân is de gemeente Harns de earste dy't him aktyf ynsette sil foar it foarkommen fan selsmoard. Wethâlder Hein Kuiken wie fuort entûsjast doe't er fan de kampanje hearde. De gemeente wol de sosjale wykteams ynsette om earder sinjalen op te fangen en dêrmei oan de slach te gean. De meiwurkers fan de teams sille dêrfoar oplaat wurde. Yn de gemeente Harns is it tal selsmoarden heger as it Fryske gemiddelde. Dat komt neffens wethâlder Hein Kuiken troch de sosjale struktuer fan de gemeente. Der is in heech wurkleazepersintaazje. Dêrom wol de gemeente graach meiwurkje oan de kampanje.