Snits Wyt Swart slút seizoen ôf mei oerwinning

14 maaie 2017 - 21:14

Snits Wyt Swart hat snein de wedstriid yn de haadklasse A tsjin JOS Watergraafsmeer mei 4-0 wûn. Foar de Snitsers stie der neat mear op it spul, mar de tsjinstanner stride noch foar liifsbehâld. Snits Wyt Swart iepene nei in goed healoere de skoare út in penalty troch Thijs Goes, neidat Sean de Ruiter ûnderút helle wie. Foar de rêst waard der net mear skoard.

Yn de twadde helte sette Wieger Zwaan de Snitsers op 2-0, hy skoarde út in pass van Kevin Huitema. De 3-0 kaam op it boerd troch in goal fan Freerk de Jong en krekt foar tiid bepaalde Wesley Tankink de einstân op 4-0. De Snitsers binne útkommen op in sânde plak yn de haadklasse A. 

JOS Watergraafsmeer giet de neikompetysje yn.

(advertinsje)
(advertinsje)