Reza Ghoochannejhad: 2-0 ferlieze fan NEC: in wanprestaasje

NEC juicht nei de goal © www.awfoto.nl
"De wedstrijd tegen NEC was een wanprestatie". Dat sei Reza Ghoochannejhad nei de mei 2-0 ferlerne wedstriid tsjin NEC. Likegoed is de doelstelling - it heljen fan de play-offs - wol helle, mar fan in feestlike stimming wie yn it Abe Lenstrastadion beslist gjin sprake. Neffens Reza sil syn klup der woansdei yn de earste wedstriid yn de play-offs echt 'opkletse' moatte, oars kinne se in Europeesk aventoer wol ferjitte. "We hebben ook vandaag weer veel te weinig gebracht, maar we kunnen het wel."
Ek Lucas Bijker fûn dat se bytiden dramatysk spile hawwe. Hy is it der net mei iens dat SC Hearrenfean neat te sykjen hat yn Europa: "Op basis van het hele seizoen spelen we terecht in de play-offs, maar dat is inderdaad wel op basis van de eerste seizoenshelft". Hy sjocht ek dat se de kommende wedstriden alles jaan moatte om sjen te litten wat se kinne. Hy wie ien fan de spilers dêr't snein nei de wedstriid ôfskied fan naam waadr: "Dat was niet bepaald feestelijk nee. Laten we hopen dat dat na de play-offs op een betere manier kan."
Trainer Jurgen Streppel fynt noch altyd dat se net feroarje moatte fan spylwize, it probleem sit neffens him yn de reaksje fan it team op tsjinslach: "Dan gaan we andere dingen doen dan afgesproken, of we gaan te geforceerd dingen doen en dan gaat het dus mis. Als we rustig blijven en blijven doen wat we moeten doen, dan gaat het goed." Hy seit gjin lêst te hawwen fan de druk dy't der is fanwege de minne prestaasjes fan de lêste moannen: 'We proberen het iedere week beter te doen."