Gerald Sibon fuort om 'fakkundigens' en 'persoanlikheid'

14 maaie 2017 - 20:11
Gerald Sibon doe't er noch foar sc Hearrenfean wurke - Foto: AWfoto.nl

Gerald Sibon is bot teloarsteld oer it feit dat hy SC Hearrenfean ferlitte moat. Hy is benammen teloarsteld oer hoe't dat gien is. Hy hat meardere kearen frege om tekst en útlis en krige lang om let te hearren dat it krijen hat mei syn 'fakkundigens' en syn 'persoanlikheid'. Hy sei dat snein nei de wedstriid tsjin ús ferslachjouwer.

Sneintemiddei waard nei de lêste kompetysjewedstriid foar it publyk ôfskied nommen fan acht spilers (Stefan Gartenmann, Luciano Slagveer, Erwin Mulder, Wout Faes, Lucas Bijker, Younes Namli, Willem Huizing en Rannick Schoop). Tagelyk soe it publyk dan ek ôfskied nimme kinne fan Gerald Sibon, mar doe't dy dat foar de wedstriid te hearren krige, hat hy witte litten dêr, fanwege de gong fan saken om syn fuortgean, neat foar te fielen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)