Advendo Snits genietet nei fan optreden mei Armin van Buuren

14 maaie 2017 - 19:57
Advendo op it poadium mei Armin van Buuren - Foto: Advendo Sneek

De leden fan Advendo Snits sweve noch hieltyd in bytsje boppe de grûn nei it optreden dat se dit wykein hiene mei dj Armin van Buuren yn de Amsterdam Arena. De wrâldferneamde dj hie mear as 100 artysten útnûge om mei te dwaan oan syn show mei de namme 'The Best of Armin Only'. Sa stiene ûnder oare Kensington en Laura Jansen op it poadium. De blazers en slachwurkers fan Advendo hawwe in pear kear allinnich optreden, mar ek ien kear mei-elkoar.

Se wiene ûnder de yndruk fan de sfear, mar ek fan de persoan Armin van Buuren: " Wat een belevenis en wat ben je een groot artiest als je anderen mee laat liften op jouw wereldfaam." Achter de skermen hawwe se in soad kontakten lein mei grutte artysten, se hoopje dan ek dat der noch mear optredens achterwei komme sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)