Nije stichting foar 'âldere jongere' mei skulden

14 maaie 2017 - 19:12

Der komt in stichting foar 'âldere' jongeren dy't jildproblemen hawwe en yn de skulden sitte. Jongere-opbouwurker Douwe Beimin út Ljouwert is dwaande mei it opsetten fan dizze stichting. Hy docht dat yn gearwurking mei jongeren dy't sels ek problemen hawwe op finansjeel mêd. Neffens Beimin hat 20 prosint fan de jongeren tusken de 16 en 27 jier al in skuld. Se falle by helpferliening tusken wâl en skip en binne net goed yn byld. Oant harren 16e jier falle dizze jongeren noch ûnder ferantwurdelikens fan de âlden en binne se yn byld by bygelyks it ûnderwiis, mar dêrnei falle se yn in gat.

Donoaren en fûnsen

Mei de stichting wol hy dizze jongeren helpe de problemen op te lossen. De stichting wol mei help fan donoaren en fûnsen jild byelkoar bringe om dat te dwaan. De stichting wol sûnder jild fan de polityk besykje te wurkjen. Beimin sei dit yn it programma Buro de Vries fan Omrop fryslân. Dit programma wurdt sneintejûn herhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Trefwurden: 
jongeren skuld Douwe Beimin
(Advertinsje)
(Advertinsje)