Van Zwieten c.s. winne earste frije formaasjepartij

14 maaie 2017 - 18:40

Menno van Zwieten, Renze Hiemstra en Erwin Zijlstra hawwe sneintermiddei yn Dronryp de earste frije formaasjepartij fan it seizoen wûn. Erwin Zijlstra waard útroppen ta kening fan de partij. Se wûnen yn de finale mei 5-5 en 6-4 fan it partoer fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Patrick Scheepstra. De winners rekken earst noch mei 3-1 achter, mar wisten dy achterstân om te bûgen nei in foarsprong fan 5-3. Uteinlik waard it fiif earsten gelyk

De lytse preemje wie foar Marten Bergsma, Dylan Drent en Hans Wassenaar.

De froulju keatsten yn Easterein. Dêr gie de winst nei it partoer fan Anne Monfils, Nynke Sybrandy en Marrit Zeinstra, de twadde priis wie foar it partoer fan Ilse Tuinenga, Wiljo Sybrandy en Manon Scheepstra. De lytse preemje wie foar Elly Hofman, Marte Altenburg en Louise Krol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)