Prorail slút spoaroergong yn Frjentsjer ôf
Prorail slút moandei de ûnbefeilige spoaroergong yn Frjentsjer mei stekken ôf. Dizze oergong leit ter hichte fan it fabryk fan Huhtamaki oan de Súdlike Yndustrywei. Der leit in eintsje fierderop al oardel jier in nije tunnel ûnder it spoar troch en dêrom kin dizze oergong ferfalle.
De prosedueres dêrfoar binne klear, allinnich liet it fuortheljen noch op him wachtsje. Prorail wol dêr net op wachtsje en hat besletten om de oergong alfêst mei stekken ôf te sluten.