Ferwerderadiel hat measte grutte gesinnen: seis bern of mear

14 maaie 2017 - 14:30

Yn Fryslân hat de gemeente Ferwerderadiel it heechste persintaazje memmen mei seis bern of mear. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek, it CBS, dy't yn it ramt fan memmedei bekend makke binne. Yn Ferwerderadiel hat 2,7 persint fan alle memmen minimaal seis bern.

Ek yn acht oare gemeenten wenje in soad froulju mei in grut gesin: It Amelân, Dongeradiel, Dantumadiel, Kollumerlân, Achtkarspelen, It Bilt, Littenseradiel en Súdwest-Fryslân.

Harns en Menameradiel hawwe it leechste persintaazje fan memmen mei seis bern of mear: 1 persint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)