Auto's botse opinoar op Drachtsterwei by Ljouwert

14 maaie 2017 - 14:12

Op de Drachtsterwei tusken de N31 en Ljouwert hat sneintemiddei in oanriding west tusken twa auto's. Ien auto is dêrtroch yn 'e berm telâne kaam. It ferkear dat Ljouwert yn woe waard oerenlang omlaat fia de op- en ôfrit nei Suderbuorren. Plysje, brânwacht en ambulânse waarden oproppen om te helpen. Hoe't it ûngelok barre koe en oft der ferwûnen binne, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)