Benijd nei de grûnwetterstân? Besjoch de online kaart

14 maaie 2017 - 12:00
Sietske Poepjes en Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân yntrodusearje de online grûnwetterkaart - Foto: Lisanne Haarsma

Provinsje en Wetterskip Fryslân ha sneon in online kaart foar de aktuele grûnwetterstannen yntrodusearre. Op acht plakken yn Fryslân wurdt de stân fan it grûnwetter digitaal metten. Dizze stannen binne ôf te lêzen fia de webside fan it wetterskip. Wetterskip Fryslân is hjirmei ien fan de earste wetterskippen yn Nederlân. "Mei de yntroduksje fan de online kaart kinne belangstellenden no sels de grûnwetterstannen monitoare. Dat kin bygelyks nuttich wêze yn perioaden fan drûgte", seit Wetterskipsbestjoerder Jan van Weperen.

Belang grûnwetter

De wetterkaart waard presintearre op in spesjale middei oer sichtber en ûnsichtber grûnwetter. Dêr joegen wetterdeskundigen koarte kolleezjes oer it belang fan grûnwetter. Yn Fryslân is it de wichtichste boarne foar it drinkwetter. Ek soarget it foar de optimale groei fan lânbougewaaksen en hat de natuer it nedich om bloeie te kinnen.

Stúdzje

It wetterskip, drinkwetterbedriuw Vitens en de provinsje bestudearje op dit stuit de takomst fan it Fryske grûnwetter. Der wurdt ûndersocht hoe't it him yn de takomst ûntwikkelet en hokker ynfloed de klimaatferoaring hat. Ek wurdt sjoen nei in duorsume wize fan it winnen fan drinkwetter. De útkomsten fan de stúdzje wurde ein 2017 bekend makke.

Bewustwêzen

"Troch it belang fan grûnwetter ûnder de oandacht te bringen, hoopje wy it wetterbewustwêzen ûnder ynwenners te fergrutsjen", seit deputearre Sietske Poepjes. "Elkenien makket bewust en ûnbewust in soad gebrûk fan it Fryske grûnwetter. Dêrom bestudearje wy yn de grûnwetterstúdzje de ûntjouwing fan it Fryske grûnwetter. Sadat de kwaliteit fan ús grûnwetter en de swietwetterfoarried op oarder bliuwt. Foar no en ek yn de takomst."

(Advertinsje)
(Advertinsje)