Wer auto's útbrând yn Ljouwert, plysje tinkt oan opset

Yn Ljouwert binne sneontenacht twa auto's yn 'e brân flein. Beide kearen giet de plysje út fan brânstichting. De earste melding kaam om trije oere hinne fan de Uilenburgstate yn Camminghabuorren. De auto stie op in parkearplak en de brânwacht koe krekt op 'e tiid foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare auto's. Buertbewenners skrokken behoarlik, omdat in wike lyn op itselde plak ek in auto útbaarnd is.
Even letter fleach wer in auto yn de brân, no op it Amelandshof, yn it sintrum fan Ljouwert. De brânwacht hie ek dy brân gau ûnder kontrôle.
De plysje freget minsken dy't mooglik wat sjoen hawwe, harren te melden.