Sukses foar Tida Kira út Muntsjesyl op ONFK-konkoers

De iepen Nederlânske fanfarekampioenskippen (ONFK) yn Drachten hat sneon ien Frysk sukses opsmiten. Yn de tredde difyzje gie de priis nei Tida Kira út Muntsjesyl-Lauwerssyl. Kristlike muzykferiening Beatrix út Doezum (Grinslân) wûn yn de twadde difyzje. Sneontejûn kamen sân earste-difyzje-fanfareorkesten op it poadium fan De Lawei. Sy spilen allegearre Trias Politica fan Jan Bosveld. Yn dizze difyzje diene gjin Fryske fanfares mei. Kunst na Arbeid út Lunteren yn Gelderlân waard troch de trijekoppige sjuery ta winner útroppen fan de earste difyzje. It nivo wie heech, neffens de sjuery.
De komplete útslach fan it ONFK-konkoers is te finen op www.onfk.nl