Thewis Hobma ljept fier op earste wedstriid fan it seizoen

Thewis Hobma hat sneon op de earste fierljepwedstriid fan it seizoen yn It Heidenskip in topprestaasje delset. Syn winnende sprong wie mar leafst 20.55 meter. Twadde waard Ysbrand Galama (19.65 meter) en tredde Nard Brandsma mei 19.60 meter
Junioaren
By de junioaren gie de titel nei Rutger Piersma. Yn de alderlêste finalesprong troefde hy Freark Kramer ôf mei in ôfstân fan 18.95 meter. Kramer hie de hiele wedstriid op kop stien mei 18.71 meter, mar ferlear no dus. De tredde priis by de junioaren wie foar Jan Teade Nauta (17.79 meter)
Froulju
Fryske sportfrou fan it jier Marrit van der Wal wie de frou mei de fierste sprong (14.57 meter). Twadde waard Klaske Nauta (14.08) en tredde Melanie Heins (13.48)
Famkes
De finale fan de famkes wie superspannend. Yn de alderlêste sprong helle Bente Vlas 13.80 meter. Dat wie 1 sintimeter fierder as de nûmer twa, Sigrid Bokma, mei 13.79 meter. Mare Dijkstra waard tredde (12.78 meter)
Jonges
By de jonges ljepte Wietse Nauta it fierste (16,49 meter). Jarich Wijnstra waard twadde mei in sprong fan 16,20 meter en Minne Smit tredde (15,44 meter).