Elly Hofman en dy winne haadklassekeatsen yn Baard

Elly Hofman, Wiljo Sijbrandij en Martzen Deinum hawwe sneon it haadklassekeatsen yn Baard wûn. Yn de finale fersloegen sy it partuer Anne Monfils, Anke Winkel en Manon Scheepstra mei 5 om 3 en 6-4.
De lytse preemje wie foar Ilse Tuininga, Klasine Huistra en Marrit Zeinstra. Sy wiene it partuer fan Marije Hiemstra, Marte Altenburg en Sjanet Wijnia de baas, dat krekt bûten de prizen foel. De útslach wie deselde as de finale: 5 om 3 en 6-4.