Fryske klups slute kompetysje ôf mei ferlies

Foar de twa Fryske klups dy't útkomme yn de tredde difyzje is de reguliere kompetysje ôfrûn. ONS Snits ferlear de útwedstriid tsjin Jong Volendam mei 2-1. Fabian Stevens wie de doelpuntemakker foar ONS. De Snitsers einigje yn de kompetysje op 13e plak. It wie ek de lêste offisjele wedstriid fan trainer Richard Karrenbelt foar ONS. Hy is kommend seizoen trainer fan Urk. Chris de Wagt wurdt syn opfolger by de Snitsers.
Harkemase Boys ferlear op eigen terrein mei 3-1 fan Rijnvogels. Henny Bouius fûn foar de Boys de goal. Foar de Harkiten sit it seizoen der noch net op. Sy einigje de kompetysje op in 9e plak, mar hawwe har troch it winnen fan de twadde perioade pleatst foar de neikompetysje. om in plak yn de twadde difyzje. Dy play-offs begjinne woansdei al. Harkemase Boys spilet dan earst thús tsjin UNA út Veldhoven, de nûmer fyftjin fan de twadde difyzje. Op sneon is de return.
IJsselmeervogels is kampioen wurden fan de tredde difyzje. De Spakenburgers, ûnder lieding fan Snitser trainer Sandor van der Heide, wûnen yn Katwijk mei 1-0 fan Quick Boys.