Boek oer ûnderdûkers yn omkriten fan Snits

13 maaie 2017 - 17:14

Yn Poppenwier is sneon in boek presintearre oer de oarlochstiid yn Fryslân. 'Verzet en verraad in de Lege Geaën', mei as ûndertitel 'Het onderduikersparadijs, is skreaun troch Hessel Bouma. Hy beskriuwt hoe't it yn oarlochstiid wie yn it gebiet dêr't er weikomt: de omkriten fan Snits.

Ferret

Yn de Twadde Wrâldoarloch koene op it Fryske plattelân in protte minsken op pleatsen ûnderdûke. In belangryk ferhaal yn it boek giet oer in pear pleatslike knokploegen en de Binnenlandse Strijdkrachten. Dêrby binne minsken ferret en binne seis minsken om it libben kaam.

Bouma hat foar it skriuwen fan it boek in soad minsken ynterviewd en ûndersyk dien yn it argyf fan Tresoar. Hy bea it earste eksimplaar sneon oan oan boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)