Bûtenpost wint en giet fierder yn neikompetysje

Bûtenpost hat him troch winst de neikompetysje yn spile. De ploech wûn sneon de lêste kompetysjewedstriid by Blau Wyt '34 mei 4-0. Dat betsjut automatysk dat se de tredde perioadetitel wûn hawwe en dat se neikompetysje spylje meie om in plak yn de haadklasse. Op sportpark Wiarda wie Joran Olijve yn de sânde minút de earste doelpuntemakker foar Bûtenpost. Berend Jan Schootstra ferdûbele de skoare yn de 24e minút. Yn in folle mindere twadde helte soargen Martijn van Roeden en Rick Weening foar de einstân.
De earste wedstriid yn de neikompetysje is takom tiisdei al. De spilers fan Bûtenpost moatte nei Oude Maas yn Poortugaal, besuden Rotterdam.
Zeerobben út Harns is sneon kampioen wurden yn de 2e klasse I. Se moasten it de lêste wedstriid thús opnimme tsjin Hurdegaryp en wûnen dat mei 5-1. Dit betsjut promoasje nei de earste klasse takom seizoen.