Stimme op klassike top 25, NBE spilet heechste klassearrings

Oranjewoud Festival © Omrop Fryslân
De crème de la crème fan de Nederlânske blazerswrâld treedt moandei 5 juny op op it Oranjewoud Festival yn Oranjewâld. It giet om it Nederlands Blazers Ensemble (NBE). Se fersoargje altyd it slotkonsert fan it festival, dat fergees tagonklik is.
It NBE hat spesjaal foar Omrop Fryslân in klassike top 25 gearstald. Elkenien kin online stimme op har of syn favorite muzykstik op dy list. It ensemble sil it nûmer mei de measte stimmen útfiere.
Fryske NBE'ers
De Fryske klarinettisten Gerrit Boonstra en Harmen de Boer sitte by it Nederlands Blazers Ensemble. Gerrit Boonstra út Ljouwert: "De stikken dy't wy spylje op it Oranjewoud Festival binne ûnderdiel fan ús repertoire. Dy hawwe wy dus goed yn 'e fingers."
Harmen de Boer: "Wy spylje yn it foar noch op ferskate plakken, sa as bygelyks yn Georgië. Dêr sille wy ús bêst dwaan sadat wy yn Oranjewâld yn topfoarm binne."
Benijd
De stikken dêr't it publyk op stimme kin, sitte der by it NBE al goed yn. Gerrit en Harmen binne benijd hokker stikken de minsken útkieze. Sels fine beide manlju 'Dance of the nights' út Romeo en Julia fan de Russyske komponist Sergei Prokofiev ien fan de moaiste muzykstikken om te spyljen.
Goede sfear en moai waar
De mannen sjogge der tige nei út om yn Fryslân op te treden. Harmen: "De lokaasje yn Oranjewâld is moai. It is yn 'e bûtenloft en dat is fansels hartstikke leuk." Gerrit: "Yndie geweldich dat it konsert yn de bûtenloft is, mar ik hoopje wol op moai waar." Ek oer de sfear op it festival binne beide Friezen bot te sprekken. "It is gesellich op dit festival. Wy hoopje op in grutte opkomst en in soad gesellichheid."
Stimme
Stiet dyn favorite klassike nûmer yn de list fan 25 stikken dy't it Nederlands Blazers Ensemble útkeazen hat? Sjoch op de programmaside en stim op it nûmer datsto hearre wolst by it slotkonsert fan it Oranjewoud Festival.
Omrop Fryslân jout fan 1 oant en mei 5 juny wiidweidich omtinken oan it Oranjewoud Festival, mei ferskate livestreams. Mear ynfo is te finen op de programmaside fan Omrop Fryslan en op de side fan it Oranjewoud Festival.