Trije fertochten 'weed-taksy' oanhâlden yn Stellingwerven

13 maaie 2017 - 14:35
Foto: Plysje

De plysje hat trije mannen oanhâlden op fertinking fan hannel yn drugs. Fiif wenningen yn de Stellingwerven binne trochsocht. Dêrby is himp yn beslach naam. De fertochten stiene yn Easterwâlde en omkriten bekend as de 'weed-taksy'. Op de fyts besoargen se softdrugs by klanten dy't telefoanysk in bestelling trochjûn hienen. Guon fan dy klanten wiene noch gjin 18 jier âld.

Ien fan de fertochten is yn novimber foarich jier ek al oanhâlden foar dizze saak. Dat is in man fan 27 jier âld sûnder fêst wenplak. De oare fertochten binne in man fan 20 jier út Appelskea en in man fan 21 jier út Easterwâlde.

De plysje hat 150 gram himp, 2 gram speed en 37 himpplanten yn beslach naam. Ek is der in gasalarmpistoal en in doaze mei knalpatroanen yn beslach naam. De plysje hat fierders kontant jild, mobile telefoans en in klûs meinaam foar ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)