Park Vijversburg yn Tytsjerk offisjeel iepene

Mei dûns en muzyk is park Vijversburg yn Tytsjerk sneon offisjeel iepene. De lêste ûnderdielen fan it park binne no ek oplevere. It giet om it haadgebou, it húske, de tún en it nije paviljoen. De konstruksje fan dat paviljoen is unyk foar Europa. It dak fan it gebou stiet op in glêzen muorre. It is sa makke dat it fuortfalt yn it lânskip.
De bou hie te krijen mei tal fan tsjinslaggen. Sa wiene der problemen mei it glês en gie ek de bouwer fallyt. Twa jier lyn waard al it lânskipspart fan it nije Vijversburg iepene. Sa is der in 'dwaalstjer' en in earrebarrenêst. Yn it part Frijlân kin bern frijút boartsje yn in soarte fan moeras.