Snitserdyk ek dit wykein ôfsletten fanwege nije asfaltlaach

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De Snitserdyk (N354) tusken Tsienzerbuorren en de A32 is it hiele wykein ticht foar ferkear. De dyk krijt in nije asfaltlaach. Ferkear fanút Snits moat omride oer Dearsum, fia Winsum, nei Ljouwert. Ek ferkear fanút Ljouwert moat fia Winsum nei Snits. Giele bourden by de dyk del jouwe de omleidingsrûtes oan. Moandeitemoarn om seis oere kin it ferkear der wer oerhinne.
Fanwege it asfaltwurk hat de dyk ek foarich wykein en ôfrûne wike op 'e jûntiid ôfsletten west.