Boek oer skiednis It Fryske kultuerlânskip presintearre

13 maaie 2017 - 12:18

Yn Easterein wurdt sneon it boek 'Het landschap van de Friese klei tusken 800 en 1800' fan Philippus Breuker presintearre. It giet oer de skiednis fan it Fryske kultuerlânskip. Underwerpen binne bygelyks slinken en leien, buorkerijen en stinzen, buorskippen en doarpen en har bewenners. De klaaistreek hat iuwen dominant west yn de skiednis fan Fryslân, skriuwt Breuker. It boek wurdt sneontemiddei om healwei fjouweren presintearre yn restaurant partysintrum Noflik Easterein.

(advertinsje)
(advertinsje)