Gjin treinen mar bussen tusken It Hearrenfean en Stienwyk

13 maaie 2017 - 12:08
Foto: ANP

Der ride dit wykein gjin treinen tusken It Hearrenfean en Stienwyk, mar bussen. Dit fanwege wurk oan it spoar. De wurksumheden binne nedich, omdat der takom jier mear treinen komme te riden op it trajekt. Reizgers moatte der rekken mei hâlde dat de reis in healoere langer duorret.

By Wolvegea komme twa nije wiksels en ProRail wurket ek oan de spoarweioergong by Thialf. Auto's en fytsers kinne dêr dit wykein net oerhinne ride. De omliedingsrûte is mei buorden oanjûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)