Kollum: "Foute koppen"

13 maaie 2017 - 09:17

"It skriuwen fan in goede kop boppe in artikel is net altyd in útmakke saak. Je moatte yn in pear wurden gearfetsje wat der yn it stikje stiet. It moat de lêzer útnûgje om it artikel te lêzen en it moat ek oerienkomme mei de wierheid. Boppedat mei it eins net misliedend wêze. En je moatte goed sjen wêr en oft der in spaasje tusken de wurden moat. Dat binne in oantal útdagings dêr’t wolris wat mis mei giet. Ik sil jim in oantal foarbylden jaan.

Bygelyks dizze, fan in auto dy’t te keap oanbean waard: Te koop: Peugeot 204, 58800 echte kilometers. Eerste eigenaar (mijn moeder) is niet gerestaureerd en ziet er goed uit.

No is dat mei myn eigen mem ek sa, mar it wie net it doel fan de advertearder om de stân fan saken oangeande syn mem te fertellen, mar hy woe dizze auto oanpriizgje.

Twadde foarbyld fan in mislearre kop: Eten van vrouwen beter voor het milieu. Dêrmei wol de skriuwer oanjaan dat froulju better oan it miljeu tinke as se iten keapje en konsumearje, mar dat stiet der net. Sa skreaun is it hast in oprop ta kannibalisme.

Noch in pear.

Honderden doden vissen in Het Westland. Moardsuchtich folkje dêr.

Belg eet elke dag half miljoen slaappillen. En hy libbet mar troch. In wûnder.

Verdachte van liquidatie op A73 vrijgelaten. Je sille dêr mar yn de omkriten wenje.

In advertinsje om sâlt te keapjen: Strooi zout morgen in huis. Los fan elkoar skreaun stiet der wer hiel wat oars.

Dode vrouw in Maas om het leven gebracht. Dat kin dochs mar ien kear, in dûbele moard op ien persoan bestiet neffens my net.

Ek wol in hiele moaie is dit: In tematsjinst yn in tsjerke mei as opskrift op in poster: En God schiep de hemel en de aarde m.m.v het I.J.G Koor. Dat wie nij foar my, ik ha eartiids fan master Visser yn Ketlik leard dat er dat allinnich dien hat. Eh, God dus, want sa skreaun stiet der hast dat master Visser dat dien hat. Sa sjogge je mar, it falt net ta, dat koppen meitsje

Tsja. Allinnich mar Nederlânske koppen, sille jim sizze. No, der is hjir by de Omrop ek wolris ien wat bryk, hear. Dat is ek net slim, oplettende lêzers sjogge dat, tippe dan de redaksje even en klear is it. Dizze wike stie der bygelyks mei grutte letters dat Cambuur yn in geheime oefenwedstriid fan Hearrenfean wûn hie. Blinder, tocht ik. Mar even fierder sjen. Blykte it dus om in oefenpotsje te gean fan de reserves fan Cambuur tsjin it belofteteam fan Hearrenfean dat mei in oantal junioaren spilet. De trener fan de Feansters wie aardich op it skik dat se mar mei 0-1 ferlern hienen. De kop wie dus feitlik korrekt, mar wol wat tendinsjeus. Tendinsjeus betsjut misliedend en of kleure. Dizze kop joech allinnich in resultaat oan, mar fertelde net it hiele ferhaal. Letter is er oanpast yn: Reserves Cambuur winne oefenwedstriid tsjin Jong Hearrenfean. Dat duts de lading wol hielendal.

Koppen meitsje is dus net in simpel ien-twake om mar yn fuotbaltermen te bliuwen. Noch ien dan: Storing bij KPN - alarmnummer 112 uur onbereikbaar. Goed wykein."

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)