Dronken hurdrider (20) rydt rjochttroch op rotonde De Gordyk

13 maaie 2017 - 08:41
Foto: Twitter, @PolitieDrachten

In 20-jierrige automobilist fan De Gordyk moast freedtenacht syn rydbewiis ynleverje, nei't er mei hege snelheid troch it doarp ried en foar gefaarlike situaasjes soarge. Plysjes seagen de man yn it sintrum foarbykommen en setten de achterfolging yn. Op de Badwei ried er mear as 90 kilometer yn 'e oere. Flak foar in rotonde helle de begjinnend bestjoerder in oare auto yn. Troch de faasje gong er rjochttroch op de rotonde en rekke in ferkearsboerd. Dêrnei koe syn auto net mear fierder ride.

Nei kontrôle op it plysjeburo die bliken dat de Gordykster fierstente folle dronken hie. Hy blies 320 ug/l en dat is hast fjouwer kear mear as tastien is. It rydbewiis waard ynfoardere en de man moat him foar de rjochter ferantwurdzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)