Sjitte op de iisbaan yn Dokkum

12 maaie 2017 - 23:02

Sûnt dizze wike wurdt op de iisbaan fan de Keninklike IIsbaan Dockum....sketten! De iisklup hat it terrein foar de maaitiid en simmermoannen ferhierd oan hânbôgesjitklup Boreas, ek út Dokkum. Dy klup wie al in pear jier dakleas, sûnt it eigen klupgebou troch brân ferlern gie yn 2015. Boreas trainde de lêste tiid yn Burdaard, mar woe stommegraach wer werom nei de stêd Dokkum.

Smûk

De gemeente brocht de twa sportferienings yn kontakt en dy waarden it samar iens: De iisklup is bliid dat it terrein ek simmerdeis brûkt wurdt en Boreas is út de skroeven mei de nije lokaasje flak bûten de Dokkumer binnenstêd. Foardiel fan it terrein is ek dat it smûk tusken de huzen leit, sûnder al te folle wyn.

Nije leden

Boreas treft it, want de iisklup is ek noch dwaande mei plannen om in nije kantine by de iisbaan te bouwen en it terrein fierder te ferbetterjen. De Dokkumer hânbôgesjitklup hat op dit stuit sa'n 38 leden, mar giet der fan út dat se op dy gaadlike nije lokaasje wol wat oanrin fan nije leden krije sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)