Gjin Fryske winners yn 4e en 5e difyzje ONFK

12 maaie 2017 - 22:56
De ONFK - Foto: Omrop Fryslân, Akkelien Reitsma

By de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen yn de Lawei yn Drachten wiene freedtejûn by de 4e en 5e difyzje gjin Fryske kampioenen. Yn de 5e difyzje wie Fanfare Sareno fan Baflo de bêste, Crescendo fan Hijum-Feinsum waard twadde. Yn de 4e difyzje rôp de sjuery Juliana fan Aduard ta winner út. Bêste Fryske orkest wie Opmaat út Berltsum.

Sneon komme de oare trije difyzjes yn aksje. Alles is te folgjen fan 13.00 oere ôf fia de livestream op ús webside of fia de Omrop-app. Op it ONFK spylje yn totaal trijentweintich fanfare-orkesten út hiel Nederlân, ferdield oer fiif difyzjes, om de heechste eare en prizen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)