Garipers grutsk op sinnepark; koöperaasje siket mear leden

12 maaie 2017 - 22:30

In soad ynwenners fan Garyp binne wol aardich grutsk op it nije sinnepark 'De Griene Greide', dat freed offisjeel iepene waard troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. Mei mear as 27.000 sinnepanelen is 'De Griene Greide' op it eardere ôffalstoart by Garyp ien fan de grutste sinneparken fan Nederlân.

Koöperaasje

Nei de iepening koene de ynwenners fan Garyp en Sumar ûnder de sinnepanelen troch kuierje en útlis krije. Dêrby waarden ek ynskriuwformulieren foar de Enerzjy Koöperaasje Garyp útdield, want dy kin noch wol wat leden brûke.

Dy koöperaasje hat op dit stuit hûndert leden yn Garyp. De koöperaasje fynt dat sels noch wat te min en hopet de kommende tiid troch te groeien rjochting de 300 leden. De kâns dat der leden bykomme liket wol aardich grut, want de measte besikers fan de iepen middei wiene ûnder de yndruk fan 'De Griene Greide':

Trefwurden: 
sinnepark Garyp
(Advertinsje)
(Advertinsje)