Frjentsjerteradiel jout parkearjild kado

12 maaie 2017 - 21:53

De gemeente Frjentsjerteradiel jout op sneon 20 maaie 10 euro parkearjild kado. Wa't dy dei nei it Rock ’n Roll festival yn Frjentsjer giet en him oanmeldt foar mobyl parkearjen, wurdt beleanne mei 10 euro. Twa jier lyn is it mobyl parkearjen yn Frjentsjer yntrodusearre en der wurdt al in soad gebrûk fan makke.

Mei it mobyl parkearjen hoecht men gjin jild by jin te hawwen. Oan- en ôfmelde giet mei de mobile telefoan en dat betsjut dat men ek nea wer te let by de auto is. De aksje jildt ek foar snein 25 juny, dan is yn Frjentsjer de Simmerbradery.

(Advertinsje)
(Advertinsje)