Feanster fuotbalfroulju winne fan Achilles'29

12 maaie 2017 - 21:40
Fuotbalfroulju SC Hearrenfean - Foto: www.vrouwenscheerenveen.nl

De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn wûn fan Achilles'29. Yn Groesbeek waard it 3-1 foar de Feansters. De Hearrenfean-doelpunten waarden skoard troch Simone Kets en Tiny Hoekstra.

Hearrenfean striidt mei Telstar om it fiifde plak yn de earedifyzje fan de froulju. Se stean sechsde, mei in efterstân fan twa punten op de nûmer fiif út Velsen-Zuid. Telstar wûn mei 4-3 fan PEC Zwolle, wêrtroch Hearrenfean net fierder ynrint.

Nije wike freed spilet SC Hearrenfean út by PEC Zwolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)