FIDEO: Tissoudali en Lilipaly oer elkoars moaiste doelpunten

12 maaie 2017 - 20:57

Stefano Lilipaly en Tarik Tissoudali falle by SC Cambuur net allinnich op om't se beide skuon drage dy't fan it fjild spatte. De giel-oranje kleurde skuon binne net de iennichste oerienkomst tusken de beide manlju. Se kamen beide oer yn de winterstop. En as se skoare, dan wol der noch wol ris in 'beauty' by sitte. Sa as dy goal fan Lilipaly yn it wichtige duel tsjin NAC Breda (0-2). Of de stienhurde knal fan Tissoudali dy't nei in geweldige kombinaasje hurd yn de goal fan RKC einige (5-0 winst). Ek it skot fan Lilipaly yn de krusing op besite by Achilles '29 mei der wêze.

'Schwung'

It is dan ek net foar neat dat technysk direkteur Gerald van den Belt wiis is mei de twa fleugelspilers. "Zij hebben er wel de 'schwung' in gebracht ja, dat kun je wel zeggen", seit Van den Belt. Logysk soe it wêze om Tissoudali dan ek langer te binen oan de klup. De hierling kaam oer fan it Frânske Le Havre, mar dat Tissoudali ek takom seizoen noch yn Ljouwert spilet is noch tige ûnwis.

Van den Belt: "Die jongen gaat waarschijnlijk eerst weer terug naar Le Havre. Dan laten ze hem meetrainen met de groep en maken dan een beslissing. Maar wij hebben hem er graag bij natuurlijk".

Play-offs

Tissoudali en Lilipaly. Se spilen tegearre by Telstar yn it seizoen 2015-2016 en waarden beide yn de winterstop nei Cambuur helle. Se sjogge de play-offs mei fertrouwen temjitte. "Natuurlijk kijk je naar de kelder van de eredivisie om te zien wie mogelijk je tegenstander gaat worden in de nacompetitie", seit Lilipaly. "Maar eerst moeten we afrekenen met MVV", follet Tissoudali him oan.

"Voor het publiek willen we graag revanche nemen op Roda JC natuurlijk", wiist Lilipaly op de útskeakeling fan SC Cambuur yn de play-offs yn it seizoen 2008-2009 tsjin Roda JC. De Ljouwerters ferlearen doe oer trije duels nei strafskoppen. "Ja, dan liever Roda JC dan NEC", laket Tissoudali.

(Advertinsje)
(Advertinsje)