Finzenisstraf fan fiif wike easke foar oerfal op tankstasjon

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in man fan 24 út Drachten is in finzenisstraf fan fiif wike en trije jier ûnder betingst easke. Ek is der in proeftiid fan trije jier easke. De man hat yn desimber it tankstasjon oan de Noarderdwersfeart yn Drachten oerfallen. Hy bedrige de meiwurkster en easke jild. Mei 50 euro is er útnaaid, mar waard binnen de oere oppakt.
De fiif wike sel hat de man al yn foararrest útsitten. Him falt fanwege psychyske problemen minder ta te rekkenjen. Hy sil behannele wurde by de GGZ en der wurdt ek advisearre om him ûnder tafersjoch te bringen fan de reklassearring.
De man hat in soad spyt fan syn died en hat de de pompmeiwurkster in ekskúsbrief skreaun.