Selsbetsjinningswinkel foar streekprodukten yn Menaam

Wa't fleis of oare streekprodukten keapje wol by Dykstrastate by Menaam moat him tenei folslein sels rêde. Klanten krije in koade foar de doar, moatte sels de boadskippen byelkoar sykje en dan ôfrekkenje. Sa wol it echtpear Lautenbach soargje foar rommere iepeningstiden. Foarhinne wiene se allinnich op sneon iepen.
De nije oanpak jout foar harsels ek mear frijheid, se hoege no net mear elke sneon thús te bliuwen. De fernijde winkel iepenet nije wike sneon.