Luciano Slagveer fan SC Hearrenfean nei Lokeren

12 maaie 2017 - 19:44
Luciano Slagveer oan de bal - Foto: awfoto.nl

Luciano Slagveer fan SC Hearrenfean spilet mei yngong fan it nije seizoen by it Belgyske Sporting Lokeren. It kontrakt fan de 23-jierrige oanfaller waard net ferlinge. Neffens syn saakwaarnimmer Johan Hansma hie Slagveer sels wol sin om nei België te gean. Dat hat der úteinlik ta laat dat hy in kontrakt tekene hat by Lokeren, dat dit seizoen yn de middenmoat fan de kompetysje meidraait.

Magnusson

It kontrakt mei de 18-jierrige middenfjilder Julius Magnusson is wol ferlinge, it is net bekend oant wannear. Magnusson kaam twa jier lyn oer fan Víkingur Reykjavík.

(Advertinsje)
(Advertinsje)