Schaars falt út by training; Schmidt yn de basis

12 maaie 2017 - 17:54

Stijn Schaars foel freed by de training út mei in rêchblessuere. De oanfierder krige in "knietje" yn syn rêch fan Willem Huizing en skreaude dêrnei fan de pine: "Waarom doe je dat nou man?" Schaars rûn dêrnei fan it fjild en kaam net wer werom. Moarn moat sjoen wurde oft Schaars snein meidwaan kin tsjin NEC.

Stefano Marzo is skorst en syn plak wurdt ynnaam troch Doke Schmidt op de rjochtsbackposysje. Martin Ødegaard krijt wer in basisplak. Dat giet ten koste fan Pelle van Amersfoort.

Ødegaard en Schmidt bliuwe noch in jier?

Doke Schmidt syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf en dus it is de fraach oft hy wol bliuwt. "We zijn in gesprek en dat ziet er goed uit. Ik ga er wel vanuit dat het goed komt." De Noar Martin Ødegaard wurdt troch Real Madrid ferhierd oan Hearrenfean foar oardel jier. Dat soe betsjutte dat er nei dit earste healjier noch in jier by Hearrenfean bliuwt. Mar der is in opsje, dat as it fan ien fan beide kanten net befalt, Ødegaard weromgiet. "Maar daar ben ik niet mee bezig. Ik wil vooral spelen en moet mezelf verbeteren. Dan kijk ik straks in de zomer wel verder," sa seit de 18-jierrige Noar.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)