FIDEO: Trainers Hearrenfean en Cambuur oer de play-offs

12 maaie 2017 - 17:48

Sawol SC Hearrenfean as SC Cambuur stean foar de play-offs. Hearrenfean kin him snein yn de earedifyzjewedstriid tsjin NEC pleatse foar de play-offs om Europeesk fuotbal. Cambuur stiet al yn de play-offs fan de Jupiler League om promoasje nei de earedifyzje en spilet 18 maaie de earste wedstriid tsjin MVV Maastricht.

Trainers Jurgen Streppel (SC Hearrenfean) en Sipke Hulshoff (SC Cambuur) sjogge foarút op de spannende wedstriden foar beide klups.

Sjoch it folsleine ynterview op de programmaside fan Fryslân Hjoed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)