Man út Beetstersweach wurdt earekonsul fan Dútslân

12 maaie 2017 - 17:27

Sieger Dijkstra fan Beetstersweach wurdt de nije honorêr konsul fan Dútslân foar Noard-Nederlân. Yn dy funksje wol hy bydrage oan de gearwurking tusken Dútslân en Nederlân op it terrein fan ekonomyske betrekkingen. Mar hy jout ek advys oan boargers yn kwestjes fan grinsoerskriedende aktiviteiten.

Dijkstra wurdt moandei offisjeel beneamd troch de Dútske ambassadeur Dirk Brengelman en de kommissaris fan de Kening yn Grinslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)