Mear jildproblemen húseigners

© Omrop Fryslân
Mear as in kwart fan de minsken dy't help freegje fan de Gemeentelijke Kredietbank, hat in salaris boppe modaal. Oant trije jier lyn hie gjin inkele klant fan de GKB in lean fan mear as modaal. It giet meast om jonge minsken dy't in grutte hypoteek naam ha foar harren earste wenning.
Se binne foar de GKB dreech te helpen, omdat se harren hûs hast net ferkeapje kinne. Ut nije sifers fan it BKR docht bliken dat it tal minsken groeit dat de hypoteek net opbringe kin .