Noppert lottet Willem Mandigers yn World Trophy

12 maaie 2017 - 16:24

Darter Danny Noppert fan De Jouwer nimt it oer twa wiken yn de earste ronde fan de BDO World Trophy op tsjin lângenoat Willem Mandigers. Dat hat de British Darts Organisation nei de lotting bekendmakke.

Foar Noppert wurdt it syn earste telefyzjetoernooi sûnt jannewaris. Doe helle er de finale fan it prestizjeuze Lakeside World Darts Championship.

De World Trophy heart by de gruttere telefyzjetoernoaien yn de dartwrâld en wurdt hâlden fan 26 oant 29 maaie yn Barry, Wales. Ferline jier spile Noppert ek al op it toernoai, doe helle er de kwartfinale.

Richard Veenstra fan Ossesyl docht ek mei yn Wales. Hy moat it yn de earste ronde opnimme tsjin de wrâldkampioen fan 2004, de Ingelskman Andy Fordham.

(Advertinsje)
(Advertinsje)