Sint Franciscus tsjerke yn Boalsert wurdt basilyk

© Omrop Fryslân, René Koster
De Sint Franciscus fan Assisi tsjerke yn Boalswert wurdt snein 28 maaie offisjeel ferheft ta basilica minor, oftewol basilyk. Paus Franciscus hat de tsjerke de earetitel takend, omdat dy in soad omtinken hat foar pater Titus Brandsma. De ferheffing ta basilica minor bart yn in feestlike tsjinst, mei nei ôfrin in resepsje.
De fiering is op de snein tusken Himelfeartsdei en Pinkster, de feestdei fan Onze Lieve Vrouw van Sevenwouden. Dy wurdt al sûnt jier en dei fereare yn Boalsert.