Stroffele wethâlder ferlit It Amelân om 'ûnwissichheid'

12 maaie 2017 - 16:03

VVD-wethâlder Linda van der Deen ferlit de gemeente It Amelân. Se hat in oare baan krigen. Dêr hie se al foar sollisitearre foardat it kolleezje stroffele, dêr't se wethâlder yn is.

Van der Deen socht om wat oars omdat se har bern mist, dy't yntusken fan it eilân ôf gien binne te wenjen. Mar ek fanwege de ûnwissichheid oer har baan. Takom jier binne der ferkiezings en je witte nea oft je wer werom komme kinne as wethâlder, seit Van der Deen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)