Hûnderten oanmeldingen by Leergeld nei aksjewike Omrop

12 maaie 2017 - 16:03

Yn de Omrop Fryslân-aksjewike hat de Stichting Leergeld mear as 560 oanfragen krigen foar 400 bern út 271 gesinnen. Yn deselde wike foarich jier wiene dat 62 oanfragen foar 50 bern. "Een heel mooi resultaat" seit Danny van Zomeren fan de stichting.

Van Zomeren fynt it lestich om te sizzen oft de taname hielendal komt troch de aksjewike by de Omrop. "Geholpen heeft het zeker. Wij hebben nu al meer aanvragen dan in heel 2016."

Earder kamen de helpfragen benammen út de stêd, mar Leergeld komt mear en mear minsken tsjin fan it plattelân dy't de help fan de stichting ynroppe.

Tichtby

Troch de persoanlike ferhalen dy't Omrop Fryslân brocht fan trije gesinnen dy't holpen wurde troch Stichting Leergeld kaam it wurk fan de stichting goed foar it fuotljocht, seit Van Zomeren.

"Mensen hadden de ernst van de situatie eerst niet in de gaten. Maar door de aangrijpende reportages kwam het ineens dichtbij. Een scheiding of een failliet bedrijf: het kan eigenlijk iedereen overkomen."

Arend Wouwenaar is ien fan de minsken dy't holpen wurdt troch de stichting. Hy hat allinnich mar positieve reaksjes krigen. "Mensen hebben veel respect voor ons, en ik heb wel het idee dat het hierdoor meer bespreekbaar is."

Stichting Leergeld

Yn Fryslân binne tsientûzen bern dy't yn earmoede opgroeie. Se kinne net meidwaan oan aktiviteiten dy't foar oare bern hiel gewoan binne. Stichting Leergeld helpt dizze bern, sadat se nei de sportklup kinne, of op muzykles.

Lang net elkienien wit de stichting te finen. Op dit stuit meitsje sa'n fiiftûzen bern gebrûk fan it jild dat oanbean wurdt foar aktiviteiten. Dat is de helte.

Mear ynformaasje oer de stichting, en alle reportaazjes, binne weom te finen op omropfryslan.nl/leergeld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)